@Wurdbreidzjer.nl

Geart Jabiks fan'e Tsjongerwal (1886-1954)

 

fy.wikipedia.org/wiki/Geart_Japiks_van_den_Berg

 De Kiekenberg

 

  Leaflik plakje smûk ferskûle  

  jinsen oan de Tsjongerkant  

  rju begroeid mei blêd en blommen  

  moark en rusk en oare plant  

  moai omseame troch wat beamguod  

  iik en els bjirkebeam  

  papekul en kantsjepôlen  

  seach men trochelkoar  hjir stean  

 








"Jongfolk, as jim soms ris skreppe  
     der 't alear myn heide wie,         
tink dan noch ris oan Geart Jabiks, 
     dy 't hjir earen skeper wie."       

 

 

Ek in ried.

In auto gyng Jan Sjoerda te hurd

Foar spoar en tram wied er bang

en om alhiel to foet te gean

dat duorre him to lang.

"Och riid mar wer de dilesjâns.

Mar dy is út de moade".

"Ei nou ju", sei doe Hindrik Jâns

"Gean dou dan mei de kroade".

 




                    Forjit my  net.                        


      O, hwat wurd der faeks ris dichte        


           fan it jonge maeitydsgrien,              


      fan it snieklokje en 't fioeltsje             


          fan 'e jeuchd sa gau forgien.             


     Dan wurd it ien, dan it oar besongen       


          troch it jonge dichtershert.              


      Mar op it grêf fan Heit en Memke         


          bloeit it lyts forjit-my-net.               


                             #                                    

 

 

 

 

 

 

Goede ried.

"Kin ik jo ek koal forkeapje"?,
   sei Lou tsjin juffer Pou.
"Foar o sa'n bytsje sinten,
sjoch ris hoe swier en grou".
"Né Lou, koal wol 'k net ha".
    "ei, nou ja," sei Lou,
"Yt jo dan stienkoal, frou".

 

 

 



Goede fangst.

Geart Jabiks fan 'e Tsjongerwâl
kryg'mar gjin byt, it like mâl.
Mar einlings lang om let, sjesá,
dêr gyng de koark nei ûnderen ta.

In rukje en loek op iut snoer
de wâl op, mei sa'n wipke
"O, jonge hwat is dit in knaap",
lake immen yn in skipke.

En hwat wie it, dêr 't ik oan luts ??
It wie in âle skippersputs !